Jagers moatte har ynhâlde
Jagersferiening KNJV freget syn leden om weromhâldend te wêzen mei it sjitten fan guozzen. De fûgels soargje troch de beferzen grûn net foar in soad skea. Der hoecht dêrom ek net op sketten te wurden, sa seit de feriening.
De jacht op foksen en reëen kin neffens de feriening wol trochgean. Dy ha net in soad te lijen fan it waar om't der gjin snie of izel leit.