Plysjes snein net frij
Plysjeminsken yn Fryslân kinne snein net frij nimme. De korpslieding hâldt der rekken mei dat de Alvestêdetocht op dy dei hâlden wurde sil.
As de Tocht der Tochten dan yndied hâlden wurde sil, dan krijt it korps yn Fryslân assistinsje fan de kollega's yn Grinslân en Drinte.