Brânwacht hat ek help nedich

07 feb 2012 - 16:28

Net allinne de Alvestêdeferiening hat help nedich fan de minsken. Ek de brânwacht. Troch de ekstreem lege temperatueren moatte dy faker útrukke foar in brân, omdat mear stookt wurdt. Mar foar de brânwacht is it lestiger om oan wetter te kommen, omdat sleatten en fearten tichtferzen binne. In soad brânkranen lizze ferstoppe ûnder in laach snie.

Sa hie de brânwacht fan Noardeast-Fryslân moandei noch de hannen fol oan in brân yn in hûs yn Bûtenpost. Ek fierder soarget de winter foar oerlêst.

Sa binne der beferzen wetterliedings en auto's dy't net starte wolle. Guon bedriuwen hawwe it der smoardrok mei.

Trefwurden: 
brânwacht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)