GGZ-pasjinten skowe Blikfeart

07 feb 2012 - 16:13

Goed 20 psychiatryske pasjinten binne tiisdei oan it snieskowen op de Blikfeart. Gewoanwei wurkje se op it deibestegingssintrum fan de GGZ yn de houtbewurking en drukkerij. Se binne yn Ried begûn, middeis kamen se yn Doanjum en woansdei geane se fierder dêr't se bleaun wiene.

Omdat der net genôch sko-ark foar hannen wie, hawwe se yn it houtwurkplak noch skobuorden timmere. Ien fan de pasjinten naam it inisjatyf om oan it wurk te gean yn it bûtegebiet.

Trefwurden: 
Blikfeart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)