Rayonhaden freegje baanfagers

07 feb 2012 - 14:32

Ferskate rayonhaden roppe frijwilligers op om te helpen de snie fan it iis te heljen op stikken fan de Alvestêderûte. By Koudum kinne minsken har melde by it stik iis by de Kuilart. Dêr moat it stik oant de baan op de Moarre sniefrij makke wurde. Op de Sleattemermar moat in stik fan in 200 à 300 meter skjinfage wurde.

Yn Boalsert docht iismaster Van der Klis in oprop om de baan sniefrij te meitsjen. Hokker stik dat is, is noch net krekt dúdlik, mar frijwilligers kinne har woansdei om njoggen oere melde by Sonnema oan de Stoombootkade.

Snieskower en waarme klean meinimme!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)