Man rêdt mem mei bern út auto

© Omrop Fryslân
In 29-jierrige ynwenster fan Snits koe moandei krekt op 'e tiid út de auto komme neidat se troch de glêdens op it iis fan de Hoofden rekke wie. Mei in lifehammer sloech de frou it rút fan de auto stikken om der sa mei har famke fan 2 út te klimmen. In ûnbekende man op de fyts seach it en stapte ôf om it berntsje oer te nimmen. Doe't se feilich op de kant stiene, sakke de auto troch it iis nei de boaiem.
De frou is de man tige tankber en wol graach mei him yn kontakt komme. De ûnbekende held wurdt frege him te melden by de plysje.