Cito-toets tiisdei begûn

07 feb 2012 - 09:49

Yn it hiele lân bûge de bern fan groep 8 fan de basisskoallen har dizze dagen oer de CITO-toets. Mei-elkoar dogge 152.000 learlingen mei oan dizze toets, dy't offisjeel de Eintoets Basisûnderwiis hjit. De learlingen moatte 200 fragen beäntwurdzje. De útslach bepaalt mei nei hokker skoalle de bern dêrnei gean.

It is miskien de lêste kear dat bern dy toets yn febrewaris meitsje. Der leit in wetsfoarstel dat ynhâldt dat takom jier in eintoets yn april komt. De Twadde en Earste Keamer moatte noch teset oer dat foarstel.

Trefwurden: 
basisskoalle cito toets
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)