Opskuor om proefflecht SAR

06 feb 2012 - 21:06

In oefening fan de SAR-helikopter hat moandeitejûn ta in soad telefoantsjes nei de Meldkeamer Fryslân laat. De bemanning fan de helikopter woe yn it tsjuster de rûte fan de Alvestêdetocht ferkenne.

Om't minsken de helikopter mei sykljocht fleanen seagen, tochten se dat der ien troch it iis sakke wie en dat it om in rêdingsaksje gie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)