Blessuere foar Bob de Vries

Bob de Vries © ANP
Foar Bob de Vries fan De Haule komt der mooglik al betiid in ein oan it nateuriisseizoen. De rider fan de BAM-ploech foel moandei by it Frysk kampioenskip mei in blessuere út. Hy krige lêst fan de knibbel dêr't hy yn it ferline ek al lêst fan hie.
It is noch net dúdlik oft hy woansdei syn Nederlânske titel ferdigenje kin yn Emmen en ek oft in mooglike Alvestêdetocht gefaar rint. 'Dit is echt in dikke tsjinfaller', sa lit coach Jillert Anema yn in earste reaksje witte.