Plak keatsmuseum noch ûnwis

15 jan 2014 - 10:15

It nije keatsmuseum yn Frjentsjer sil net foar it nije keatsseizoen iepen gean. Dat seit foarsitter Jan Hiemstra. Hy ferwachtet dat it noch wol wiken duorje kin foar de finansiering fan sa'n fjouwer ton definityf rûn is. De gemeente en de provinsje soene in flink diel betelje moatte. Hiemstra seit dat de ôfrûne tiid wol 20 gebouwen yn de binnenstêd fan Frjentsjer oanbean binne as plak foar it museum, mar dêr is noch gjin kar út makke.

It keatsmuseum siet oant ferline jier oktober yn de Friesland Bank, mar moast dêr wei, om't de bank sleat.

Op de boppeferdjipping fan it gebou fan de Friesland Bank wie in grutte samling fan ûnder oare keatstenu's en prizen út it ferline toand. It museumbestjoer wol dat de útstalling yn it nije museum minder statysk wurdt. Der wurdt skielk folle mear mei filmkes wurke. In soad alde keatsfilms binne dêrfoar al digitalisearre. In projektplan foar it nije museum leit al klear, mar it museumbestjoer wol dat pas presintearje, as de gemeente en de provinsje akkoart binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)