Fryske sloepen nei Düsseldorf

15 jan 2014 - 07:44

Fryske sloepebouwers hoopje de ôfset nei Dútslân te fergrutsjen mei in stand op de beurs Boot Düsseldorf. Dy begjint dit wykein en wurdt sjoen as ien fan de wichtichste boatebeurzen fan Europa. De Fryske bedriuwen hawwe in hal fan goed 300 kante meter ta har beskikking, as ûnderdiel fan de promoasje troch it toerismeburo Friesland Holland.

De sloepen foarmje op de beurs in útsûndering, dêr binne benammen grutte skippen en grutte sylboaten te finen.

De ferwachting is net dat op de beurs ek sloepen ferkocht wurde sille, doel is benammen goeie kontakten te lizzen dy't mooglik letter ta ferkeap liede.

Trefwurden: 
sloepen Boot Düsseldorf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)