SC Hearrenfean wol foarút sjen

14 jan 2014 - 22:58

Sportklup Hearrenfean wol in streep sette ûnder it ferline en de rêst werombringe. Dat sei de nije foarsitter Jelko van der Wiel tiisdeitejûn by de nijjiersresepsje. Sa'n 700 minsken kamen op de resepsje ôf.

Van der Wiel merkt dat it positive gefoel rûn de klup wer werom komt. "We ha yn in koarte tiid al wer tal fan nije sponsors oanlutsen. It wy-gefoel moat werom by Hearrenfean en dêr sille we mei oan de slach."

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)