Vonk wol mei dizze groep troch

Neffens technysk manager Hans Vonk is der op dit stuit gjin konkrete ynteresse foar wat foar spiler fan Hearrenfean dan ek. Neffens Vonk hat gjin inkele klup him melden. De âld-Hearrenfeankeeper seit dat der wol klups binne dy't Finnbogason en Ziyech folgje, mar is der noch gjin ien dy't him foar harren melden hat.
Vonk seit fierder dat Hearrenfean yn prinsipe net op syk giet nei in ferfanger foar Magnus Eikrem, dy't ferkocht is oan Cardiff City.
"Daley Sinkgraven is net toegevoegd aan de eerste selectie en we willen de ontwikkeling van andere spelers niet dwarszitten. We kijken altijd rond, maar in principe gaan we het hier mee doen," sa seit Vonk.
Ek it geroft dat Hearrenfean Harmeet Singh fan Feyenoord helje wol ûntkent Vonk: "Ook dat is een gerucht en is gewoon niet waar."