Te min Fryske ûnderwizers

© Omrop Fryslân
Der binne yn Fryslân te min ûnderwizers mei in foech foar it fak Frysk. De Nederlânske oerheid moat maatregels nimme om dat probleem oan te pakken. Dat skriuwt in advyskommisje fan de Ried fan Europa yn Straatsburch yn har rapport oer it neilibjen fan it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden. In advyskommisje fan de Ried fan Europa die it ôfrûne jier ûndersyk nei de situaasje fan it Frysk en brocht doe ek in wurkbesite oan Fryslân.
De kommisje publisearre ek ferskate oare oanbefellings oer media en plaknammen.
Oer media:
- Foar radio en televyzje yn it Frysk moat yn de takomst likefolle jild en likefolle stjoertiid beskikber bliuwe as no it gefal is. It Nederlânske regear soe der dêrom goed oan dwaan om de advizen fan de kommisje Hoekstra oer radio en televyzje yn it Frysk op te folgjen. Ek fynt de Ried fan Europa dat de provinsje in rol hâlde moat as it giet om radio en televyzje yn it Frysk.
Oer plaknammen:
- Der soene yn Fryslân folle mear twatalige opskriften komme kinne. It is de Ried fan Europa opfallen dat der yn Fryslân hast gjin twatalige rjochtingoanwizers binne. De Ried jout Nederlân en Fryslân it advys om hjir wurk fan te meitsjen. Twatalige rjochtingoanwizers binne op oare plakken yn Europa hiel gewoan en binne boppedat goed foar de sichtberens fan de taal.
It Nederlânske regear krige fierder it advys om de dialooch mei Fryske organisaasjes te ferbetterjen. It is de Ried fan Europa opfallen dat it Rapport fan de Ryksoerheid oer itselde ferdrach makke is sûnder earst mei Fryske organisaasjes te oerlizzen. Dat soe yn de takomst eins oars moatte, fynt de Ried fan Europa.
De Ried fan Europa sjocht fierder wol foarútgong as it giet om de posysje fan it Frysk. De Ried fan Europa is goed te sprekken oer de nije wet gebrûk Fryske taal, dy't op 1 jannewaris yngien is. As dy wet goed neilibbe wurdt, hat dy seker positive gefolgen foar de posysje fan it Frysk.