Hoarekaman Strooisma ferstoarn

14 jan 2014 - 22:00
Coos Strooisma foar Rock It - Foto: Foto: Harrie Muis

De markante Ljouwerter hoarekaman Coos Strooisma is moandei ferstoarn. Strooisma iepene begjin jierren njoggentich de diskoteek Rock It oan it Ruterskertier en krige dêrmei in grutte namme yn it Ljouwerter útgeanslibben. Hy wie ek in opfallende ferskining mei syn grutte Amerikaanske auto. De sûnens fan Strooisma hold al jierren net oer. Hy is 61 jier wurden.

(advertinsje)
(advertinsje)