Mear toeristen fia Natura 2000

14 jan 2014 - 19:57

Deputearre Johannes Kramer wol ôf fan de negative klank dy't Natura 2000 opropt. Sterker noch, it moat toeristen lûke. Yn de Natura 2000 regeling stiet hokker natoer beskerme wurde moat neffens Europeeske ôfspraken. Deputearre Steaten ha no trije nije gebieten ûnder dy Europeeske beskerming brocht; de Snitsermar, de Wite en Swarte Brekken en de Aldegeaster Brekken en de Fluezen en omjouwing. Ek is der in beslút nommen oer de ekologyske haadstruktuer dy't natoergebieten mei elkoar ferbine moat.

Minsken kinne no op in kaart sjen wat dêr krekt ûnder falt. En dat is 4500 bunder minder as de 19.000 bunder dy't earder ôfpraat wie. Dat komt troch ryksbesunigings. Der ferdwynt gjin besteande natoer. Wol wurdt der noch 2400 bunder grûn by kocht. Sawat 6500 bunder grûn dy't earder oankocht is, wurdt noch as natoer ynrjochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)