9 ton boete Tytsjerksteradiel

De gemeente Tytsjerksteradiel moat in boete fan rom 9 ton oan projektûntwikkeler Mega Home betelje. De gemeente hat 16 kavels yn Burgum te let oan de projektûntwikkeler út Almelo levere. Yn in oerienkomst tusken Mega Home en Tytsjerksteradiel stie in boeteklausule. Dêryn stie dat de gemeente per kavel dy't te let levere waard 100 gûne per dei betelje moast. De kavels binne úteinlik rom fjouwer jier te let levere. De gemeente Tytsjerksteradiel hie net ferwachte dat Mega Home gebrûk meitsje soe fan de boeteklausule.
De gemeente seit dat der sprake is fan oermacht by it te let leverjen fan de kavels. Tytsjerksteradiel wol noch yn heger berop.