Brânstifting oarsaak autobrân

14 jan 2014 - 18:40

Ut technysk ûndersyk hat bliken dien dat de autobrân heal desimber foar it kantoar fan advokatekantoar Anker yn Ljouwert troch brânstifting ûntstien is. Fierders sit it ûndersyk op dit stuit op in dea spoar. Der binne in oantal tsjûgen heard.

Der is ûnder oare in oprop dien op twitter. De auto fan it merk Jaguar stie diels foar it kantoar fan Anker en Anker, mar wie net fan harren. Der wie gjin skea oan it gebou fan de Ankers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)