Gjin soargen yn Boerum

14 jan 2014 - 16:32

Ynwenners fan Boerum meitsje harren net drok oer Amerikaanske militêre aktiviteiten by it skûtelpark dêr. Wol binne se nijsgjirrich nei wat der krekt plak fynt. De grutte earen, sa as it park neamd wurdt, kamen moandei yn it nijs troch in reportaazje yn Nieuwsuur. Dêryn wie te hearren dat it ynternasjonale ferbiningsbedriuw Inmarsat op it park yn Boerum kontrakten hat mei it Amerikaanske ministearje fan definsje. Wat de Amerikanen dêr krekt dogge is net bekend. De Twadde Keamer hat om opheldering frege.

Trefwurden: 
Boerum Amearika skûtels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)