Fernuvering oer kearnwapens

In mearderheid yn de Twadde Keamer is min te sprekken oer it beslút fan de ministers Hennis en Timmermans om de JSF dochs klear meitsje te litten foar kearnwapens. Neffens in wurdfierder soe it de provinsje Fryslân neat útmeitsje.
Geert Verf fan Doarpsbelang Marsum, fernuveret en ergeret him oan de draai fan de ministers, dy't earst tasein hiene dat de JSF gjin kearnwapens krije soe en no dy beloften sa mar skeine. Verf is benaud dat oare tasizzings oer de JSF ek weromdraaid wurde as it de minister better útkomt.
By de Twadde Keamerleden giet it om it prinsipe. De PvdA, de SP, D66, de ChristenUnie, GrienLinks en de Partij foar de Dieren binne tsjin it gebrûk fan kearnbommen.