Bearenburch foar fegers

De gemeente Gaasterlân-Sleat dielt bearenburch út oan de frijwilligers dy't moandei op de Luts by Balk oan it sniefeien binne. De Luts is it grutte knipepunt foar in mooglike Alvestêdetocht.
Alvestêdefoarsitter Wieling seit dat der in bypass oerwage wurdt oer de Fluezen as it fierder sterk iis is. Om de Luts dochs op tiid klear te hawwen wurdt mei man en macht sniefage. Ek yn Snits is der in groep minsken dwaande om de rûte sniefrij te krijen.