Gjin ferfolging moard De Terp

It ûndersyk nei de moard op in 58-jierrige dakleaze yn opfangsintrum De Terp yn Ljouwert is stillein. De moard wie yn juny ferline jier. It Iepenbier Ministearje makke tiisdei bekend dat der te min bewiis is om immen fan de moard beskuldigje te kinnen. Nei de moard binne wol fjouwer manlju oanhâlden, mar sy wurde no net mear as fertochte sjoen. Plysje en justysje hawwe net bekend makke hoe't it slachtoffer ferstoarn is, mar it wie wol dúdlik dat it om in misdriuw gie.