Pikeboer: 'Sjoch nei de REC'

De GGD moat harren ûndersyk rjochtsje op de ôffaloven fan Omrin by Harns en net op it dioksinegehalte yn de aaien fan hobbyboeren yn hiel Nederlân. Dat seit hobby-pikeboer Jacob Rijpstra by Winaam. Rijpstra krige fan de ûndersikers te hearren dat it dioksinegehalte yn syn aaien yn koarte tiid mear as ferdûbele is en neffens him komt dat troch de reek fan de REC.
Mar net allinnich de pikeboeren binne de dupe, seit er. Alle boeren ûnder de reek fan Harns moatte har soargen meitsje neffens him.
De famylje Rijpstra keapet no aaien by de supermerk. Eigen aaien ite is der net mear by, mar Rijpstra hâldt syn piken noch wol sadat wittenskippers de bisten kontrolearje kinne.