Priis foar sportive skoalle

Op basisskoalle de Finne yn Ferwâlde
Op it jierlikse sportgala sil dit jier ek in sportstimulearringspriis foar bern útrikt wurde. Op it gala wurde de Fryske sportman, sportfrou en sportploech fan it jier bekend makke, mar de organisaasje wol ek omtinken jaan oan de breedtesport.
Learlingen fan alle Fryske basisskoallen kinne in filmke ynstjoere, dat dúdlik makket dat it leuk is om mei-elkoar te bewegen. Yn it filmke moat te sjen wêze dat bern mei âlden, pakes, beppes, masters of juffen sporte of bewege. In faksjuery kiest trije skoallen út en dêrnei kinne minsken stimme.
De skoalle mei de measte stimmen wint in trofee, de Estafettestok, mar ek tûzen euro. Dat jild moat gean nei in sport- of boarterstastel foar de skoalle.