'Maatwurk drankbelied SWF'
Doarpshuzen yn Súdwest-Fryslân wolle maatwurk foar de iepenings- en slutingstiden en regels foar it skinken fan alkohol. Op in ynformaasjegearkomste waard dúdlik dat net ien fan de doarpshûsbestjoerders mei de foarstelde regels fan de gemeente út de fuotten kin. Dy hâlde yn dat slutingstiden oanpast wurde moatte en dat it gebou net mear brûkt wurde mei foar priveefeesten lykas jierdeis of jubilea.
Neffens de ôfdieling fan Keninklike Hoareka yn Súdwest is dat ûnearlike konkurrinsje en skeelt dat de ûndernimmers in soad sinten.
Yn dizze tiden kinne de kroechbazen dat jild goed brûke. De bestjoerders fan de doarpshuzen sizze lykwols dat de mienskipsgebouwen tichtgean as de regels oanpast wurde. Tongersdei praat de ried fan Súdwest-Fryslân oer de oanpassing fan de regeljouwing.