Fûgels noch net yn problemen

06 feb 2012 - 14:06

De fûgels kinne oer it algemien goed dizze winter trochkomme. Dat seit it Fryske Fûgelfersoargingsfûns. Sy soargje der tegearre mei de Fûgelwachten foar dat fûgels wat ekstra fretten krije.

Neffens Rinse Keizer fan it fûns hawwe de measte fûgels noch goeie fetreserves troch it moaie waar yn desimber en jannewaris. As de froast trochset, kin dat der mei de snie foar soargje dat der dochs fûgels yn de problemen komme. Mar dat der swakke fûgels dea gean, dat bart eins altyd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)