Wammes nei rjochtbank foar OS
Turner Jeffrey Wammes spant in koart pleit oan tsjin turnbûn KNGU. Hy is it der net mei iens dat net hy, mar Epke Zonderland oanwiisd is foar de Olympyske Spelen. It bûn makke freed bekend dat Zonderland nei Londen mei, om't hy de bêste kânsen op in medalje hat. De Lemster moat noch wol foarmbehâld toane op it rek.
Wammes hat al wol foarmbehâld toand, en hat dêrmei oan alle easken foldien. It koart pleit tsjinnet op 21 febrewaris.