Nije klanten De Friesland/FBTO

Gebou fan De Friesland yn Ljouwert
Soarchfersekerders De Friesland en FBTO Zorg yn Ljouwert hawwe der mei-inoar hast 35.000 nije klanten by krigen. Benammen De Friesland is bot groeid, mei 20.000 ekstra klanten nei 565.000 fersekerden. FBTO Zorg hat goed 14.000 fersekerden ekstra en hat no mei-inoar 340.000 klanten.
De soarchfersekerder hat de measte nije minsken fia ynternet oanlutsen. Oan de ein fan it jier hawwe minsken de kâns om oer te stappen fan soarchfersekerder. Nei skatting hat 5 prosint fan de Nederlanners dat it ôfrûne jier dien.