Farferbod útwreide

06 feb 2012 - 11:29

It farferbod yn Fryslân wurdt fierder útwreide. It farferbod jild fan moandei 12 oere ôf ek foar de farwei nei Drachten en dy nei It Hearrenfean. Ek op it Van Harinxmakanaal op it trajekt Tsjerk Hiddessluzen nei de eastlike tagong nei Ljouwert en fan de yndustrybrêge yn Harns nei de westlike tagong fan Ljouwert mei net mear fard wurde.

Ferline wike tiisdei waard it earste farferbod al ynsteld om de iisgroei te befoarderjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)