IIsynspeksje Sleattemermar

06 feb 2012 - 11:09

De iiswegesintrale fan Sleat ynspektearret moandei de iisdikte op de Sleattemermar. In ploech minsken stekt stadichoan de mar oer rjochting Wâldsein en prikt meter foar meter om swakke plakken op de spoaren.

Omdat de mar sa min is, soe in Alvestêdetocht mooglik útwike moatte nei de Fluezen. Yn it súdwesten fan de provinsje binne mear swakke plakken. Dat makke Alvestêdefoarsitter Wiebe Wieling yn in parsekonferinsje bekend. Hy presintearre de resultaten fan in gearkomste fan de rayonhaden snein yn Sint Nyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)