Drokte by sikehuzen

06 feb 2012 - 11:07

By de earste help fan de Fryske sikehuzen wie it dit wykein drok mei sa'n lytse 300 iisslachtoffers. Fierwei de measte fraktueren hiene te krijen mei brutsen polzen en ankels. In inkeling rûn in harsenskodding of brutsen heup op.

Nij Smellinghe yn Drachten behannele de measte minsken. De teller stie dêr op 74. By de oare sikehûzen kamen tusken de 40 en 60 iisslachtoffers binnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)