Gjin aventoer foar Brandsma

06 feb 2012 - 10:59

Toskedokter Jacob Brandsma fan Snits, dy't yn jannewaris 2009 op eigen manneboet de Alvestêdetocht ried, sil dy stunt dit jier net herhelje. Brandsma is ynlotte en hopet dit jier de tocht op offisjele wize ride te kinnen.

Trije jier lyn rôp Brandsma in soad lilke reaksjes op doe't er it Alvestêdetrajekt op redens besocht te riden, lang foardat it oeral sterk wie. Hiele einen moast er op de mountainbike ôflizze. Snein hat er al wol op ferkenning west. Op de Sleattemermar sakke ien fan de maten fan Brandsma troch it iis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)