Alvestêden mooglik oare rûte
It bestjoer fan de Alvestêdetocht hâldt der rekken mei dat de rûte fan de tocht miskien oanpast wurde moat. Benammen it iis op de Sleattemermar is tige min. Bliuwt dat sa, dan kin der mooglik fia de Fluezen by Heech riden wurde.
It iis op de rest fan de rûte is neffens it bestjoer tige goed.