Soargen oer iis yn Súd-Fryslân

06 feb 2012 - 09:40

It iis yn it suden en súdwesten fan Fryslân is it grutste knipepunt foar in mooglike alvestêdetocht. Benammen by Sleat binne noch grutte problemen. It iis op de Sleattemermar is sa min, dat it rayonhaad der sels noch net iens oerhinne rinne kin.

Yn it noarden liket it tige goed. Dêr sil it neffens de organisaasje net oan lizze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)