Frou ferwûne by Selmien

Auto yn sleat by Selmien by Oerterp © Martin Nuver
By in ûngeluk op de Selmien-West by Oerterp is moandeitemiddei flak foar ienen in automobiliste ferwûne rekke. Se rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk. De auto bedarre yn de sleat. De frou waard út de auto wei slingere en kaam yn in stik greide telâne. It is net dúdlik hoe't it mei it slachtoffer giet.
It mobyl medysk team út Grins wie ek oproppen, mar dat hoegde úteinlik net te kommen. Der wiene gjin oare auto's by it ûngelok belutsen.