Minder caravans, mear campers

It tal caravans yn Nederlân sakket stadichoan, wylst it tal campers bot tanimt. Dat docht bliken út de sifers fan de BOVAG oer it jier 2013. Foaral de ferkeap fan nije caravans giet min. By de campers rint dat tal ek licht tebek. Mar de fraach nei healsliten campers makket dat mear as goed.
Nederlân bliuwt it grutste caravanlân fan Europa. Der binne 463.000 kentekenregistraasjes. It tal campers leit op goed 85.000. Yn Fryslân ride hast 5400 campers om.