Bedriging en fernielerij

13 jan 2014 - 10:27

Twa manlju fan 46 en 17 jier út Twizelerheide binne snein oanhâlden foar bedriging en fernielerij. Se soene in rút fan in wenning oan de Bindert Japikstrjitte yn Droegeham fernield hawwe. It twatal soe ek de bewenners fan it hûs bedrige hawwe.

Neffens de plysje binne problemen yn de relasjonele sfear mooglik de oarsaak fan de rûzje. De manlju binne oanhâlden en ferheard. Dêrnei binne se wer frijlitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)