Hûndert krystpakkketten

13 jan 2014 - 09:57

In aksje fan de Voedselbank yn Snits hat mear as hûndert krystpakketten opsmiten. Dat stiet te lêzen op de webside fan de helporganisaasje foar minima.

De pakketten waarden foar it twadde jier op rige sammele en dit jier is de opbringst folle grutter as yn it earste jier. Neffens de Voedselbank komt dat troch de grutte oandacht dy't de aksje hân hat yn de media.

Trefwurden: 
Voedselbank krystpakket
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)