Underskieding Jannick de Jong

13 jan 2014 - 08:16

Jannick de Jong hat sneintemiddei op it motorsportgala fan it KNWV de Hans de Beaufortbeker krigen. Dat is de heechste ûnderskieding yn de Nederlânske motorwrâld. De 26-jierrige Gordykster hie yn 2013 in topjier. Sa waard er Europeesk kampioen gersbaan, twadde yn de searje wedstriden om de wrâldtitel en mei Dirk Fabriek en Theo Pijper wrâldkampioen lanneteams. Ek wûn De Jong foar de 15e kear in Nederlânske baansporttitel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)