Earste thúsoerwinning LDODK

12 jan 2014 - 18:23

LDODK hat snein de earste thúsoerwinning pakt troch mei 30-25 te winnen fan Koog Zaandijk. Yn eigen sporthal Koartsweagen naam de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool fan it begjin ôf de lieding en ferplettere KZ. By it skoft stie der in 16-8 stân op it boerd.

Nei rêst like de winst yn gefaar te kommen, doe't KZ oan in knappe ynhelrace begong. Mar fierder as 30-25 liet LDODK it net komme. De bruorren André en Erwin Zwart hienen mei 21 treffers in absolute haadrol yn de winst. By de froulju wienen Betty Jansma en Jildou Slagmann op skot.

Trefwurden: 
kuorbal De Gordyk LDODK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)