Ekstra útstjoering Alvestêden

06 feb 2012 - 08:47

Omrop Fryslân tv en radio binne live by de parsekonferinsje fan de feriening de Fryske Alvestêden. Hjir wurdt útlis jûn oer de stân fan saken op de rûte. De feriening hat al witte litten dat der noch net in datum bekend makke wurdt. Dizze útstjoering wurdt de hiele dei herhelle.

De parsekonferinsje wurdt holden yn it WTC-Expo yn Ljouwert. Der binne mear as 20 kamerateams op de parsekonferinsje oanwêzich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)