Drokte by Earste Help
Fryslân hat it ôfrûne wykein massaal op redens stien. Dat soarge by de spoedeaskjende help fan sikehûs MCL foar flink wat drokte. Dêr melden har dit wykein goed 60 minsken.
Sneon kamen 30 ferwûne reedriders nei it sikehûs, snein wiene dat der 33. De measten hiene brutsen polsen of brutsen ankels.