PvdA-riedsleden dreech fynber

De Partij van de Arbeid hat it yn in grut tal Fryske gemeenten dreech hân mei it finen fan kandidaat-riedsleden dy't meidwaan wolle oan de gemeenteriedsferkiezings op 19 maart. Dat sei foarsitter Henk Korthof fan it PvdA-gewest Fryslân sneon op in partijgearkomste yn Ljouwert. As start fan de ferkiezingsperioade waarden dêr de listlûkers foar de kommende gemeenteriedsferkiezing offisjeel presintearre.
By de foarige riedsferkiezings yn 2010 stimden 49.000 Friezen op de PvdA . De partij waard dêrmei winner yn Fryslân.