Kafeerûzje yn Snits

Geweld © Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht yn de Lytse Tsjerkestrjitte yn Snits in 24-jierrige ynwenner fan Skearnegoutum en in man fan 23 út Loaiïngea oanholden. Se hiene spul krige yn in kafee. Ien fan de manlju waard de saak útset.
Freonen fan de man bemuoiden har dermei en in befeiliger krige in klap. Beide rûzjemakkers hawwe in nacht op it plysjeburo sliept.