Slaanderij mei fuotbalteam
Yn Frjentsjer binne sneontenacht trije jonges fan 17, 18 en 19 oanhâlden foar iepenlik geweld. Yn de Sjaardemastrjitte ûntstie in grutte fjochtpartij tusken in groep Frjentsjerters en spilers fan in fuotbalteam út Hallum.
Nei ferklearrings fan tsjûgen hat de plysje de trije man oppakt. Mooglik folgje mear oanhâldings.