Grinzers winne IFK sealfuotbal

11 jan 2014 - 21:00

De Leekster Eagles hawwe sneon it Iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal wûn. Der wienen in protte minsken nei Sporthal De Trije yn Frjentsjer kaam. Sy seagen dat finalist SC Stiens goed partij biede koe, mar dochs mei 2-1 ferlear. De ploech út De Like spilet op it heechste sealfuotbalnivo en wie in maatsje te grut foar de Stienzers.

By de froulju gie de oerwinning nei Drachtster Boys. Sy wûnen it IFK foar de fjirde kear op rige. Yn de finale wienen de Drachtster froulju mei 3-0 te sterk foar Be Quick Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)