Beatrix by hynstekeuring WTC

11 jan 2014 - 15:17

It jubileum fan it Frysk Hynstestamboek is besocht troch in rekôroantal fan 25.000 minsken yn it WTC Expo yn Ljouwert. Prinses Beatrix makket dêr in diel fan de jubileumfiering mei. It hynstestamboek fiert it 135-jierrich bestean en Beatrix is de beskermfrouwe.

Norbert 444 waard ta hynder fan it jier 2013 útroppen. De ôfrûne twa jierren hellen it hynder dy titel ek al. Norbert 444 waard ek deikampioen en is eigendom fan de famylje Van der Zee fan Sint Jabik. Prinses Beatrix felisitearre de famylje Van der Zee mei de priis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)