Mooglik ûntslaggen by Broersma

11 jan 2014 - 12:51

Goed fyftich sjauffeurs fan transportbedriuw Broersma hawwe sneontemoarn op It Hearrenfean in byienkomst mei de fakbûnen hân oer mooglike ûntslaggen. Broersma is ûnderdiel fan Bakker Logistiek yn Seewolde. It bedriuw hat yn desimber in reorganisaasje oankundige en dêrby soene banen ferlern gean op de kantoaren.

No docht bliken dat Bakker ek sjauffeurs dien jaan wol. Neffens de fakbûnen bart dat ûnder druk.

De sjauffeurs hawwe de bûnen sneontemoarn de opdracht jûn wer yn petear te gean mei it transportbedriuw. Dêrnei komme se wer byelkoar om te praten oer mooglike ferfolchstappen.

Trefwurden: 
fakbûn ûntslaggen Broersma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)