'Gau dúdlikens oer De Skâns'

11 jan 2014 - 11:09

De gemeente Opsterlân wol foar febrewaris in plan op tafel hawwe foar de takomst fan De Skâns. Yn novimber waard it kultureel sintrum op 'e Gordyk fallyt ferklearre, om't it de ûntslachfergoeding fan de direkteur net betelje koe.

De gemeente sjocht no nei mooglikheden foar in trochstart en hat dêrfoar fan de kurator oant 1 april de tiid krige. Oant dy tiid bliuwt De Skâns iepen en kinne de seis meiwurkers oan it wurk bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)