Tas fan pakjedrager stellen

11 jan 2014 - 10:44

De plysje siket minsken dy't mear witte oer de stellerij fan in tas. In frou fan 23 jier út Ljouwert stie freed mei de fyts foar in stopljocht op de Pieter Stuyvesantwei yn har wenplak te wachtsjen, doe't ûnbekenden de tas fan har pakjedrager lutsen. It giet om twa manlju op in brommer. Sy naaiden nei harren die út.

Minsken dy't wat sjoen hawwe, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje. Dat mei ek anonym.

Trefwurden: 
fytser stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)